Ungelokken op ferskate Fryske diken troch glêdens

02 des 2019 - 09:57

Op meardere plakken yn Fryslân hawwe moandeitemoarn ûngelokken west troch glêdens. It gie mis by De Wylgen, op 'e Jouwer en by Grou. Foar safier bekend binne gjin minsken slim ferwûne rekke.

Yn De Wylgen rekke in auto yn 'e sleat - Foto: ProNews

Yn De Wylgen rekke in auto fan de dyk en op it neistlizzende fytspaad giene in fytser en in brommerrider ûnderút.

Op 'e Jouwer rekke ek in auto fan de dyk, dy botste tsjin in beam. En op it Leechlân by Grou glied in auto yn in greppel.

Op alle trije plakken is de gemeente frege de glêde diken te struien.

Neffens de plysje wiene der yn it hiele noarden ûngelokken en glydpartijen troch de glêdens.

Trefwurden: 
ûngelok glêdens
(advertinsje)
(advertinsje)