Johan Frisokanaal by Starum krijt twaddehânsk stielen daamwand

In twaddehânsk daamwand: fynst 'm samar net op Marktplaats. Dochs wurdt de âlde daamwand yn it Johan Frisokanaal by Starum ferfongen troch in twaddehânsk eksimplaar. "Dat heart miskien wat nuver, mar de daam is noch hartstikke goed", fertelt projektlieder Jan van der Ploeg fan de provinsje.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De 20-jierrige âlde houten daamwand flakby de haven fan Starum wurdt de kommende tiid ferfongen troch in nije daamwand fan stiel. Hielendal nij is dizze daam lykwols net. "Hy is trije of fjouwer jier âld", fertelt Van der Ploeg. "De oannimmer attindearre ús op dizze daamwand. Hy foldocht presys oan de easken dy't wy hawwe. Wy tinke graach oan duorsumens en wy hoege no gjin nije daam te produsearjen. De 'circulaire' ekonomy, neame wy dat ek wol."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek is yn Starum
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Oannimmers brûke faak in tydlike daamwand en wolle dy nei ferrin fan tiid ferkeapje. "Sa kloppe de oannimmer mei dizze daamwand oan by ús as provinsje", fertelt de projektlieder. "Ek de 15 meter lange peallen yn it kanaal wolle wy op 'e nij brûke. Sa drage wy ús stientsje by oan recycling."

Ein desimber

It wurk oan de nije daam is ferline wike úteinset en duorret noch oant ein desimber. It giet al mei al om in stik fan sa'n 250 meter. Yn totaal hat de provinsje sa'n 200 kilometer oan wâlskanten yn behear rûnom yn de provinsje.
Projektlieder Jan van der Ploeg