Kollum: "Echte problemen"

02 des 2019 - 08:23

"'Moat Nynke moandei ek wer sa'n ferhaaltsje foarlêze', frege de jongste foarige wike oan de iterstafel. 'Ja', sei ik. 'Komme wy dêr ek wer yn foar', frege er. 'Miskien wol', antwurde ik. 'Wêr moat er neffens jim oer gean? Ha jim noch in goed ûnderwerp?'

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Beide bern tochten efkes nei. 'De plastic soep', antwurde de jongste. 'Oer CO2', sei de âldste. 'Net oer Swarte Pyt', frege ik. Se seagen my oan as doogde ik net. 'Huh, wat is der dan mei Swarte Pyt?'

Presys: wat is der mei Swarte Pyt? Wêrom meitsje wy ús as folwoeksenen sa aldermachtichst drok om Swarte Pyt, wylst de bern - om wa't it hiele feest draait - harren fan gjin kwea bewust binne? Want sa simpel is it. Bern sjogge net nei hûdskleur. Oft Pyt no swart, read, blau of grien is: boeie.

'Elkenien mei wêze sa't er is', sei de âldste. De CD fan 'Kinderen voor Kinderen' hat syn wurk goed dien. 'Dus Swarte Pyt mei ek wol grien wêze', frege ik. Se knikte mei de holle. 'As er dat sels moaier fynt, dan makket dat neat út.' En gelyk hat se.

Ik besykje my fier fan dy hiele Swarte Pitediskusje te hâlden, mar ûntkomst der net oan. Op Facebook, Instagram en twitter stiet myn timeline fol mei plaatsjes, statements en wit ik al wat net mear. Wurdst oerspield mei mieningen, wylst ik dêr hielendal net om freegje.

Ast my nei myn persoanlike miening fregest, dan fyn ik dat we tenei alle kleuren fan de reinbôge brûke kinne om te sminken. In griene Pyt, in blauwen, in readen. Sa wurdt it in moai fleurich gehiel. Ik bin sels alris blau sminkt as Pyt en sjochst wier net dat ik it bin. Dus dat kin bêst. En leau my, der sil gjin bern nuver opsjen fan it nije hûdskleurke. Want op de ien of oare manier sjogge sy dat noch net.

Doe't wy de jongste fregen nei in freontsje yn 'e klasse dy't donker is, seach er ús net-begripend oan. Wy fregen oft syn heit en mem ek donker wienen. 'Syn heit hat in briltsje', joech er as antwurd. Dat wie 'm opfallen doe't er dêr boarte. Net it feit dat se in donkere hûdskleur hienen. Prachtich fyn ik dat. Dy earlike blik, sûnder ek mar in greintsje rasisme.

Dus as it oan de bern leit hoech ik it yn myn kollum net oer Swarte Pyt te hawwen. It kin better gean oer de echte problemen yn de wrâld: CO2 en de 'plastic soep'. Mar dêr sjoch ik no noait wat oer op myn Facebook timeline."

(advertinsje)
(advertinsje)