Bewenners Skier bepale sels fjoerwurkfrije sônes op it eilân

02 des 2019 - 07:12

Eilânbewenners op Skiermûntseach meie dit jier sels bepale wêr't fjoerwurkfrije sônes ynsteld wurde. Gewoanwei docht de gemeente dat, mar op Skier meie bewenners dit kear sels strjitten oanwize dêr't se in fjoerwurkfrije sône fan meitsje wolle. Inisjatyfnimmer is Harry Alers: "Dit past bij een eiland woont waar rust, ruimte en natuur in het DNA zitten".

Foto: Wikimedia Commons

It oanwizen fan in fjoerwurkfrije sône is in demokratysk proses. As in mearderheid yn in strjitte foar sa'n fjoerwurkfrije sône kiest, dan kinne de bewenners by de gemeente in buordsje ophelle, dêr't op stiet dat der gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde mei yn dy strjitte.

Mear fraach

Inisjatyfnimmer Harry Alers is wiis mei it beslút fan de gemeente om it oanwizen fan fjoerwurkfrije sônes oan de bewenners oer te litten. "Jaarlijks zijn er heel veel mensen die rond oudjaar aangeven dat ze liever geen vuurwerk op het eiland willen. Denk aan oogartsen, de spoedeisende hulp en handhavers. Het valt me op dat steeds meer mensen voor vuurwerkvrije zones kiezen. Zeker als je op een eiland woont waar rust, ruimte en natuur in het DNA zitten. En waar heel veel mensen aandacht hebben voor de huisdieren die van slag raken."

Dreech punt

Op de fraach oft Alers gjin problemen tusken bewenners yn in strjitte ferwachtet, moat er tajaan dat it demokratyske proses hjir en dêr foar lêst soargje kin. "De bedoeling is dat er over gesproken wordt: vinden we dit wat of willen we wel vuurwerk afsteken in onze straat. Mensen moeten er zelf zien uit te komen. Dat is nog een moeilijk punt, geef ik toe."

Inisjatyfnimmer Harry Alers

(advertinsje)
(advertinsje)