Fytsalvestêdetocht giet wer troch lytse doarpkes yn kop fan Fryslân

02 des 2019 - 07:07

De Fytsalvestêdetocht fan 2020 sil takom jier dochs wer troch de doarpen yn de kop fan Fryslân gean. De rûtewiziging fan ferline jier om de tocht lâns de Seedyk rinne te litten, is weromdraaid. Dat makke foarsitter Stephan Rekker fan de organisaasje moandeitemoarn bekend yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn. "Wy ha in goed petear hân mei de doarpsbelangen fan de ferskate doarpen."

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Ferline jier waard de rûte fan de Fytsalvestêdetocht yn de kop fan Fryslân omsmiten. Dat beslút waard naam omdat it fytspaad der doe út lei. Yn de oanpaste rûte gong de tocht by St-Anne links rjochting Nij Altena, wêrtroch't de fytsers by de seedyk del rjochting Holwert moasten. De doarpen Froubuorren, Alde Leie, Hallum, Marrum, Ferwert en Blije waarden oerslein.

Lilke brief

Dizze doarpen wiene it der net mei iens en stjoerden in lilke brief nei de organisaasje. Yn it brief trunen se der op oan om de rûte wer troch de doarpen te lieden. Nei oerlis mei de doarpen hat de organisaasje it beslút naam om de wiziging fan ferline jier werom te draaien.

Genôch frijwilligers

"Wy hawwe goeie petearen hân mei de ferskate doarpen", fertelt foarsitter Stephan Rekker. "It is wichtich dat de rûte feilich is en logistyk goed regele is. Yn de doarpen is oanjûn dat der genôch minsken socht wurde sille om as frijwilliger de tocht yn goeie banen te lieden."

Kaartferkeap

Ofrûne snein gong de foarferkeap foar kaarten iepen. Oant no ta binne goed 6.000 kaarten ferkocht yn de foarferkeap. Oant 15 desimber bliuwt de ynskriuwing iepen. Ferline jier binne fia de foarynskriuwing sa'n 30.000 kaarten ferkocht. De kaarten dy't nei 15 desimber oerbliuwe, wurde ferlotte.

Foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht

(advertinsje)
(advertinsje)