Heger berop oer Kallemooi op Skiermûntseach: dieremishanneling of net?

It heger berop fan Comité Dierennoodhulp oer it Kallemooifeest op Skiermûntseach komt moandei foar de Ried fan Steat. By dat tradisjonele feest op it eilân sit trije dagen lang in hoanne yn in koer, op 18 meter hichte. Der soe neffens it komitee sprake wêze fan dieremishanneling. De rjochtbank oardiele earder dit jier lykwols dat dit net sa is. Dochs hat Comité Dierennoodhulp heger berop oantekene, sy fine dat der sûnder in hoanne ek in moai feest op it eilân delset wurde kin.
Kallemooi op Skiermûntseach © RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
Der binne hieltyd mear minsken dy't fine dat de hoanne dit leed besparre bliuwe moat. Sûnt 2014 is der al opskuor oer it feest. Ferskate organisaasjes dy't foar de rjochten fan bisten opkomme, fine it dieremishanneling dat de hoanne yn de koer sitte moat. Dat binne bygelyks de Dierenbescherming, Partij voor de Dieren, Animals Today, VeggieSquad en Stichting Dierbewustleven.
De hoanne sit yn isolaasje, kin net skarrelje, is net goed genôch tsjin it waar beskerme en krijt dêrtroch in soad stress, sizze de organisaasjes. It is ûnnedich lijen. It past neffens harren net mear yn dizze tiid en der soene genôch alternativen wêze. Gemeente Skiermûntseach hat oant no ta hieltyd in fergunning jûn foar it evenemint. Neffens boargemaster Ineke van Gent soene bisten yn de bio-yndustry it folle minner hawwe as de hoanne op Skiermûntseach.

Demonstranten

Yn 2016 en 2017 hawwe aktivisten harren sels fêstbûn oan de peal. Dizze demonstranten binne doe fan it eilân helle. Dêrnei hawwe de organisaasjes oanjefte dien fan dieremishanneling. De bestjoersrjochter yn Grins oardiele op 26 maart 2019 dat it gjin dieremishanneling wie. Dy konklúzje is nommen om't de hoanne fan tefoaren ûndersocht wurdt troch in arts, genôch iten en drinken krijt en yn de gaten hâlden wurdt mei in kamera yn de koer. It komitee fynt de útspraak lykwols beskamsum, dêrom binne sy nei de Ried fan Steat stapt.
Protest tsjin Kallemooi: "Net sa moai foar de hoanne" © RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

Wat is Kallemooi ek alwer?

Mei it omheechlûken fan de Kallemooi wurdt de sneontejûn foar de pinksterdagen de merke iepene. Der wurdt in mêst delset fan sa'n 18 meter lang, mei in griene twiich en in Nederlânske flagge mei it wurd 'Kallemooi' derop en in koer mei in hoanne der yn. Oan in dwerspeal bongelje in pear flessen. Yn it ferline waard de hoanne faak stellen, der is in Kallemooikommisje dy't doe jongerein oanwiisde dy't it bist ûntfiere moasten.
De hoanne moat de pinksterdagen yn de koer bliuwe, mar fanâlds krige er weakke bôle mei om net te ferhongerjen. De peal wurdt omheechlutsen op it plein tusken de tsjerke en de herberch (hjoed-de-dei Hotel Van der Werff) en bliuwt stean mei touwen.
Op tiisdei is 'Pinksterdrie,' de wichtichste merkedei. Jongerein giene eartiids op heaweinen troch it doarp om te sjongen en oant let yn de nacht waard der dûnse yn de herberch. De hoareka soe pas de doarren slute as de hoanne kraait. Nei't de hoanne trije dagen opsletten is en it feest dien is, giet de mêst wer nei beneden en krijt de eigener syn hoanne werom.
In 18e-iuwsk wandtapyt dêr't it dûnsjen om in maaibeam te sjen is © Rijksmuseum

Wat is de skiednis fan Kallemooi?

De Kallemooi is eins in saneamde 'Maaibeam,' it plantsjen dêrfan is in âld fruchtberensgebrûk dat yn grutte parten fan Europa foarkaam om de maaitiid te fieren. Op Skiermûntseach is de fiering ferskood nei de pinksterdagen. Yn it ferline soene der ek sokke maaibeammen yn Hylpen, Paezens en Wierum stien hawwe.
De kommisje seit sels dat it feest al yn 1492 holden waard op Skiermûntseach. De griene takke en de hoanne binne nei alle gedachten de âldste eleminten. Der binne ferskate ferklearringen foar it wurdt 'Kallemooi.' Meast wierskynlik soe wêze dat 'mooi' fan 'maaie' komt en 'kallen' fan it Germaanske 'gallus' dat 'hoanne' betsjut. Mar 'kallen' soe ek 'roppe' betsjutte kinne. Dochs is it wol gefaarlik om âlde kultuerferskynsels út in fier ferline troch te lûken nei de dei fan hjoed, want tradysjes feroarje altyd.
It wolwêzen fan de hoanne is lykwols al lang in punt fan oandacht, en it gie net altyd goed. Sa skreau Waling Dykstra yn 1891: "By 't dellitten fen de kallemooi kin de hoanne syn libben ek ynsjiette, en dit moat ek wol ris bard wêze, mar der wirdt doch tige by tige soarch dragen, dat it net bart."