Staatstoezicht op de Mijnen: "Omkearde bewiislêst ek bûten Grinslân"

01 des 2019 - 21:36

De saneamde omkearde bewiislêst moat ek bûten Grinslân ynfierd wure. Dat sei topman Theodor Kockelkoren fan it Staatstoezicht op de Mijnen yn in talkshow yn Amsterdam.

skea troch boaiemdelgong - Foto: eigen foto

De problemen mei de gaswinning yn Grinslân hawwe der foar soarge dat der no foar it hiele lân in skeaprotokol komt. Mar bûten Grinslân moatte minsken dy't skea hawwe, sels oantoane dat de skea komt fan gas- of sâltwinning. Foar Grinslân jildt dy ferplichting net. Kockelkoren fynt dat op plakken dêr't meardere ûndergrûnske aktiviteiten binne, lykas yn Noardwest-Fryslân, in selde regeling komme moat.

As der meardere saken tagelyk plakfine yn de ûndergrûn is it foar in boarger praktysk ûnmooglik om te bewizen wat no krekt de oarsaak is fan de skea. De ôfrûne wike hat ek de VNG, de feriening fan Nederlânske Gemeenten, in moasje oannommen oer dit ûnderwerp. De VNG is it iens mei Kockelkoren en fynt boppedat der it ûnearlik is dat ynwenners fan Grinslân oars behannele wurde as ynwenners yn de rest fan it lân.

(advertinsje)
(advertinsje)