Wouter Wouda nije bestjoersfoarsitter FNP

01 des 2019 - 20:48

Wouter Wouda is troch de leden fan de FNP keazen ta nije bestjoersfoarsitter. It deistich bestjoer is fierder fernijd troch Wietske Poelman en Jan Benedictus. Sy sille de taken fan skriuwster en ponghâlder oernimme.

Foto: FNP Fryslân

Wouda is 42 jier en wennet op 'e Jouwer. Hy is sûnt maaie lid fan it haadbestjoer, oant no ta yn de funksje fan algemien lid. Hy hat resintlik ek advisearre by de kar fan de nije deputearre, nei it fuortgean fan Johannes Kramer.

Wouda is tige ynnommen mei it nije team: "Der sit balâns yn, sawol kwa âldens, eftergrûn as man/frou ferhâlding."

Trefwurden: 
FNP Wouter Wouda
(advertinsje)
(advertinsje)