Spesjaal Sinteklazefeest foar bern dy't dat thús amper fiere kinne

Sinteklaasfeest, it heart der foar in soad húshâldings gewoan by. Mar foar oaren is it feest dreech, om't se net in soad jild om hannen hawwe. Om dy minsken temjitte te kommen is der dit wykein yn Drachten in spesjaal feest organisearre.
© Omrop Fryslân
Sa'n 250 bern en har famylje kamen ôf op it grutte Sinteklaasfeest mei optredens, dûns, kadokes en fansels alderhande snobbersguod, It feest wurdt sûnt 2014 organisearre troch Rieke Grijpstra en in grutte ploech frijwilligers dy't dizze groep bern in prachtige Sinteklaas besoargje wol. It jild foar it feest wurdt opbrocht mei jeften en sponsoring.
It feest wurdt noch hâlden mei de tradisjonele swarte piten. In tal donkere dielnimmers oan it feest seine snein dat se dit prima fine.
Harkje nei in sfearferslach fan it Sinteklazefeest yn Drachten