Ferwûnen by botsing tsjin beam yn Ljouwert
Op de Archipelwei yn Ljouwert is sneintejûn in auto tsjin in beam botst.
De auto is nei alle gedachten út de bocht flein. De minsken dy't yn de auto sieten, binne troch ambulânsepersoniel behannele. It is net dúdlik hoe't it mei har is, of hoe swier ferwûne sy binne. De strjitte hat in koart skoft ôfsluten west foar it oare ferkear.