FIDEO: Famylje Frieswijk by LDODK - DOS'46

01 des 2019 - 20:01

Trije bern út ien húshâlding dy't op it heechste nivo kuorbalje is bysûnder. Noch bysûnderder is it as se ek noch tsjin inoar spylje yn de Derby fan it Noarden. It oerkaam heit en mem Evert en Janny Frieswijk, dy't op De Gordyk dochter Marloes (23) en soan Julian (20) foar LDODK yn aksje seagen tsjin har oare soan Pascal (25), dy't by DOS'46 út Nijeveen spilet. Wy folgen de famylje by de derby.

De bern Frieswijk

Dit is Marloes Frieswijk, 23 jier en spylster by LDODK én Oranje. Se komt fan Wolvegea en spilet dit seizoen foar it earst foar LDODK.

Har jongste broer is Julian Frieswijk, krekt 20 jier en spiler yn Jong Oranje. Julian begjint oan syn twadde seizoen op 'e Gordyk

De âldste broer is Pascal Frieswijk. Hy is 25 jier en ferhûze dit seizoen fan Blau Wyt Amsterdam nei DOS'46. Foar it earst treft hy no syn suske en broerke as tsjinstanners yn de kuorbal League.

Foar heit en mem Evert en Janny Frieswijk is it dus in beladen duel, dizze derby fan it Noarden....

(advertinsje)
(advertinsje)