Aris ferliest thús fan Weert

01 des 2019 - 17:55

De basketballers fan Aris hawwe har thúswedstriid tsjin Weert ferlern. Yn it Kealledykje waard it 72-80. Weert stie foar it begjin fan de wedstriid ien plak boppe Aris, en dus wie de wedstriid yn Ljouwert in wichtige.

Foto: Omrop Fryslân

De wedstriid sette fuortendaliks flitsend útein, mar nei in koarte foarsprong foar de Ljouwerters, koe Weert de lieding pakke mei 23-17. Dit hâlden de besikers fêst oant de rêst, doe't de stân op 32-41 útkaam, yn it foardiel foar de gasten út Weert.

Ek nei de rêst slagge it de Ljouwerters net om mear grip op de wedstriid te krijen, en de stân yn har foardiel om te draaien. By it tredde kwart wiene de gasten sels noch in bytjse mear útrûn, nei in 63-49 foarsprong. Yn it lêste kwart kamen de Ljouwerters noch wol tichterby, mar foar de winst wie it net genôch. Aris gie úteinlik mei 72-80 ûnderút tsjin Weert.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)