Piet Paulusma: "It wurdt in rommelige winter, mar wy kinne wol reedride"

01 des 2019 - 16:45

Waarman Piet Paulusma docht alle jierren in foarsizzing foar sawol it simmer- as it winterseizoen. Op de earste dei fan de meteorologyske winter komt er mei de definitive foarsizzing foar it winterseizoen fan 2019/2020.

Foto: Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân

"Ik gean der fanút dat de kommende winter rommelich ferrinne sil. Rommelich is in oare wize om te sizzen dat it in kombinaasje fan wikselfallich en kwakkeljend waar wêze sil. Oan de oare kant sil it wol ien as twa kear foarkomme dat wy in langer skoft wier winterwaar, mei kjeld, krije sille. Hjir kin matige oant somtiden sels strange froast by sitte. Wy komme dizze winter dan ek ien as twa kear op redens te stean.

Sniedagen

It wurdt in winter mei in tal sniedagen, mei kâns op in dik pak snie. Dit kin regionaal hiel ferskillend útpakke. Oer it algemien wurdt it in winter mei gauris oerlêst troch snie, izel en stoarmeftich waar. Dus der sil oerlêst komme fan sawol wintersk as hjerstich waar.

De winter sil wat dat oanbelanget in gemiddelde temperatuer hawwe, dy't op normaal oant ien graad te kâld útkomme sil."

(advertinsje)
(advertinsje)