FvD wol Fryske festivalsubsydzjes trochljochtsje

01 des 2019 - 16:18

"De provinsjale festivalsubsydzjes yn Fryslân moatte trochljochte wurde", dat fynt Forum voor Democratie. Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries kundige fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard oan dat hy deputearre Poepjes dêr fragen oer stelle sil.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sa fynt FvD dat der in ferbân wêze moat tusken de hichte fan de subsydzje en it tal minsken dat nei sa'n festival komt. "Dêr moatte we kritysk nei sjen. Boppedat haw ik wat ûndersyk dien nei hoe't de jildstreamen hjir nei bepaalde ûndernimmingen rinne en dêr haw ik wol fragen by."

Hokker ûndernimmingen Goudzwaard krekt bedoelt en wat dy fragen binne, woe er noch net priis jaan. "Mar as je sjogge hoefolle minsken hjir noch yn earmoede libje en dat der tagelyk miljoenen nei de festivals gean, dan is dat dreech te ferkeapjen."

Yn it Nijsfoarum wiene fierder publisiste Anne-Goaitske Breteler en Lutz Jacobi fan de Ljouwerter PvdA te gast.

Harkje nei it ferhaal fan Maarten Goudzwaard

Trefwurden: 
Buro de Vries FvD Nijsfoarum
(advertinsje)
(advertinsje)