Aris begjint bekerstriid yn achtste finale

De basketballers fan Aris begjinne harren striid yn it nasjonale bekertoernoai yn de achtste finale.
Argyffoto © www.orange-pictures.nl
Aris spilet yn de Basketball Cup út tsjin de winner fan de wedstriid BS Leiden - Lokomotief (Rijswijk). Dy wedstriid wurdt sneintejûn om 19:00 oere spile. BS Leiden en Lokomotief sitte beide yn de promoasjedifyzje, it op ien nei heechste nivo yn Nederlân.
De wedstriid Leiden/Lokomotief - Aris wurdt 11 of 18 desimber spile.