Brân yn âlde fjoerwurkbunker yn Ljouwert

01 des 2019 - 15:18

De brânwacht is snein útriden foar in brân yn in âlde fjoerwurkbunker yn Ljouwert.

Foto: AS Media

It giet om in bunker oan de Harlingertrekweg yn Ljouwert.

By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht wie mei man en macht dwaande om it fjoer te bestriden. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert brân bunker
(advertinsje)
(advertinsje)