Fermiste fiskers fûn yn stjoerhut sonken kotter

Dûkers hawwe snein de twa opfarrenden fan de UK-165 fûn yn de stjoerhut fan in sonken Urker kotter. It skip fergie by Teksel.
KNRM rêdingsboat © Shutterstock.com
It wrak fan it skip leit westlik fan de súdpunt fan Teksel, op sa'n trettjin oant fjirtjin meter djipte.
De fermiste fiskersboat fan Urk sonk tongersdeitemoarn. Der wiene twa manlju fan 27 en 41 jier oan board. It skip sels waard tongersdei al oantroffen op de boaiem, mar der koe net dûkt wurde nei de fermiste fiskers fanwege it minne waar.
De sykaskje dy't no moandei fanút Harns opset wurde soe, is ôfsein.