Nyck de Vries trettjinde yn lêste Formule 2-race

01 des 2019 - 14:03

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat ôfskied nommen fan de Formule 2 mei in trettjinde plak yn de sprintrace yn Abu Dhabi. De Vries hie earder al de wrâldtitel helle yn de Formule 2 en hy hat ek al in race riden yn de Formule E, de elektryske klasse fan it autoracen.

Nyck de Vries - Foto: Orange Pictures

Yn de haadrace waard De Vries sneon ek al trettjinde. De sprintrace yn Abhu Dhabi waard wûn troch de Italiaan Luca Ghiotto.

(advertinsje)
(advertinsje)