Winst Mid-Fryslân, ferlies LDODK en SCO

12 nov 2011 - 23:18

Fan de trije Fryske kuorbalploegen yn de sealhaadklasse hat allinne Mid-Fryslân de iepeningswedstriid wûn. De kuorballers út Reduzum en Grou wûnen yn Kampen mei 20-18 fan DOS. It wie in oerwinning dy't fan fier komme moast. DOS naam in 8-4 foarsprong, by it skoft wie it 8-7. Nei 17-17 sloech Mid-Fryslân ta. Marvin Smorenburg wie mei seis doelpunten de tûkste Fryske skutter.

LDODK ferlear yn eigen hûs, sporthal Koartsweagen op De Gordyk, mei 23-18 fan OVVO. De ploech út Maarssen waard it ôfrûne seizoen kampioen, mar promoasje nei de kuorballeague mislearre. OVVO wie skerper en folle tûker. By it skoft like de wedstriid al spile: 14-7 foar OVVO. Dochs kaam de spanning werom. LDODK brocht it ferskil op trije (15-18), mar dêrnei wie in tûke rite fan OVVO genôch foar de fertsjinne winst.

 

SCO gong yn Veendendaal kopke ûnder. De ploech út Aldeholtpea ferlear mei dúdlike sifers fan SKF: 23-17.

Trefwurden: 
kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)