Omrop TIP: Kryst mei Douwe wer fan start mei unike krystmuzyk

01 des 2019 - 11:52

Leafhawwers fan krysttiid kinne fan snein 1 desimber ôf wer ôfstimme op non-stop krystmuzyk fan Omrop Fryslân útsocht troch Douwe Heeringa. Kryst mei Douwe is fan dy dei ôf wer te beharkjen op ynternetradio's, de Omrop-app en www.krystmeidouwe.nl.

Presintator Douwe Heeringa hat foar de kommende krystperioade wer in ferskaat oan unike krystmuzyk útsocht. Want op dizze stream hearst net de bekende klanken fan Wham en Mariah Carey.

Douwe Heeringa: "It is in tiid fan ferstilling en refleksje. Dêr hearre net tefolle prikkels en drokte by, want dy binne der genôch. Sa'n bekend nûmer as 'Driving home for Christmas' fan Chris Rea fyn ik dan wol wer moai. Mar ik fyn it belangriker dat ik minsken ferras mei nûmers dy't se noch net kenne."

Krystmuzyk fan oer de hiele wrâld

Mei de krysttiid yn it foarútsjoch hat Douwe Heeringa klassikers en modernere stikken útsocht dy't út alle dielen fan de wrâld komme. Tink oan muzyk út Skandinavië, Ruslân, Súd-Amearika of Christmas Carols út Grut-Brittannië. It ferskaat oan lannen is ek werom te hearren yn soarten krystmuzyk dy't draaid wurdt op de stjoerder.

Kryst mei Douwe is oan de ein fan it jier te hearren op de Omrop-app, www.krystmeidouwe.nl en op ynternetradio's. Sykje yn de list mei stjoerders nei Kryst mei Douwe en harkje 24 oeren deis. Kinne jo Kryst mei Douwe net fine op jo ynternetradio? Lit it ús dan witte, dan nimme wy kontakt op mei de fabrikant. Mail it typenûmer fan jo radiotastel nei nijemedia@omropfryslan.nl

(advertinsje)
(advertinsje)