Deade frou oantroffen yn it wetter yn Wommels

01 des 2019 - 10:26

Yn Wommels is sneintemoarn in deade frou fûn. Se lei yn it wetter by de strjitte de Tywert. Sneon hat de plysje dêr yn de omkriten socht nei in 54-jierrige fermiste Poalske frou. It is noch net bekend oft de frou dy't no fûn is, de fermiste Poalske is. Sy waard tongersdei foar it lêst sjoen.

De plysje hat de strjitte ôfset yn ferbân mei fynst deade frou yn Wommels - Foto: Camjo Media, Stefan Postema

Helptsjinsten binne oanwêzich op it plak dêr't de frou fûn is."We zijn nog bezig met het onderzoek", seit plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer.

Earst wurdt der ûndersyk op lokaasje dien en dêrnei wurdt de frou út it wetter helle.

De plysje kin noch gjin meidielingen dwaan kin oer de identiteit en ek net oer de deadsoarsaak. De plysje giet foarearst net út fan in misdriuw.

Trefwurden: 
Wommels deade frou
(advertinsje)
(advertinsje)