Schulting earste op 1500 meter, De Laat weromset op WB yn Japan

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje hat op de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Nagoya de twadde 1.500 meter fan it wykein wûn. Se wie krekt wat rapper as Courtney Lee Sarault út Kanada. Schulting waard sneon noch twadde op de 1000 meter.
Suzanne Schulting by in eardere wedstriid yn maart fan dit jier yn Bulgarije © ANP
Schulting ried snein in prima wedstriid. Mei in prachtige ynhelslach liet se Han Yu-tong út Sina achter har. Dêrnei plante se har reed krekt wat earder oer de einstreek as Sarault. Schulting stiet no mei Kim Boutin op in dield tredde plak.

Itzhak de Laat weromset

De Ljouwerter Itzhak de Laat tocht trije minuten lang dat hy syn earste yndividuele wrâldbekermedalje wûn hie, mar hy waard weromset nei it fjirde plak op de 500 meter. Yn de lêste omgong lei er fjirde en wist er him krekt foarby in Koreaan te wrotten. De sjuery wie lykwols fan miening dat er derby de earms te folle brûkt hie. De winst op de 500 meter gie nei de Hongaar Shaoang Liu.

Oflossing

Op de 3000 meter ôflossing waarden de Nederlânske froulju, mei Suzanne Schulting yn it team, earste yn de B-finale. De manlju mei Daan Breeuwsma en Itzak de Laat einigen as twadde yn de B-finale fan de 5000 meter ôflossing.

Op nei Shanghai

De shorttrackers reizgje no ôf nei Shanghai. Dêr binne nije wike de wrâldbekerwedstriden.