Boekekast #10: Noorder Dierenpark fan Geert Nauta

01 des 2019 - 10:00

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze tsiende Boekekast it ferhaal Noorder Dierenpark fan Geert Nauta. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Eric Ennema.

De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn syn debút 'In soarte fan bûgjen' en yn 2018 ferskynd by útjouwerij Elikser wurde omskreaun as 'poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach.'

De ferhalen jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. Nauta neamt himsels dan ek 'de kronikeur fan syn eigen weemoed'. "As jo witte wolle hoe't bepaalde dingen sitte", sei er yn in fraachpetear, "moatte jo der net oer lêze, mar oer skriuwe."

It ferhaal 'Noorder Dierenpark' is ien fan ferhalen út 'In soarte fan bûgjen'.

Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Geert Nauta

Skriuwer Geert Nauta komt fan Toppenhuzen en wennet yn Wergea. Yn it deistich libben is er dosint Nederlânsk yn Drachten. Hy betocht yn 2013 om 'foar de aardichheid' in ferhaal te skriuwen dêr't er ek noch de Rely Jorritsma-priis mei wûn. Sûnt dy tiid besiket Nauta de tiid dy't er frijmeitsje kin, oan it skriuwen te besteegjen, wat noch net altyd likegoed slagget.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

Trefwurden: 
podcast Boekekast Geert Nauta
(advertinsje)
(advertinsje)