Ynbraakfertochten trije kertier nei oprop op Boargernet arrestearre

01 des 2019 - 09:03

De plysje koe sneontejûn troch in slagge Boargernetaksje trije fertochten fan in ynbraak yn in wenhûs oppakke. Om healwei achten hinne gie de oprop de doar út.

Foto: Omrop Fryslân

De plysje frege minsken yn de omkriten fan de Van Maasdijkstraat op It Hearrenfean út te sjen nei trije persoanen dy't ynbrutsen hiene yn in wenhûs. De persoanen soene yn de rjochting fan it sikehûs rinne.

Trije kertier letter melde de plysje dat de Boargernetaksje sukses hân hat. Se hawwe de trije fertochten fûn en oppakt. De saak wurdt noch ûndersocht.

(advertinsje)
(advertinsje)