Elbrich Schoorstra wint NK speedclimbing

Elbrich Schoorstra fan Ljouwert is sneon yn de klimhal yn Ljouwert Nederlânsk kampioen 'speedclimbing' wurden. Se die dat yn in nij nasjonaal rekôr fan 11.81 sekonden. It âlde rekôr stie op 13.46 sekonden.
Elbrich Schoorstra wint NK speedclimbing
By speedclimbing giet it derom om sa rap mooglik in rûte oer in sa'n 15 meter hege klimmuorre nei boppen ôf te lizzen. De sport kin mar op twa plakken yn Nederlân beoefene wurde: yn Sittard en yn klimsintrum De Noardwand yn Ljouwert.
Takom jier is klimme in olympyske sport, mar dan giet it om in kombinaasje fan trije ferskillende dissiplines yn it klimmen. It nivo yn Nederlân is net heech genoch om dêroan mei te dwaan.