Diel 2: "It weromkommen fan de Joadske bern"

01 des 2019 - 07:30

De syktocht nei Joadske bern, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by Fryske pleechfamyljes ûnderbrocht binne, is yn folle gong. Der binne al mear as hûndert reaksjes binnenkaam. Sjoernalist Marja Boonstra portrettearre fjouwer fan dizze bern. Yn diel 2 de ferhalen fan Estha Gobes en Bram Houtkruijer. De folsleine portretten binne dit wykein te lêzen yn de bylage Sneon&Snein fan de Ljouwerter Krante.

Estha - Foto: Leeuwarder Courant

"Niemand wist het, maar iedereen wist het"

Estha Gobes, 1939 yn Amsterdam

"Mijn ouders hadden al vroeg in de gaten dat het mis zou gaan," fertelt Estha Gobes. Har âlden binne yn 1942 ûnderdûkt, mar sy waard by har pake en beppe opfongen. Yn 1943 is sy lykwols nei de famylje Wierdsma yn Snits brocht, in grutte skippersfamylje mei tolve bern. "Nog 'één erbij viel niet op."

As skûlnamme krige sy Betty Wielinga. "Ik ben daar gewoon opgevoed als een eigen kind. Niemand wist het, maar iedereen wist het," seit se op de fraach oft de buorlju it wisten. "Als er Duitsers de straat in kwamen, werden we gewaarschuwd." Ien kear binne der Dútsers binnenfallen om te sjen oft der ek in yllegale radio wie. "We zaten met een heel stel kinderen braaf te spelen. Ik viel niet op."

Nei de oarloch sochten de âlden fan Estha nei harren dochter. Se setten in oprop yn de krante de Trouw. Estha: "De Wierdsma's waren allemaal schippers. Omke Hille lag in juni met het schip in Amsterdam en las die advertentie. Mem had hem na de oorlog verteld dat ik eigenlijk Estha Gobes heette. Hij heeft toen mijn ouders naar Sneek gevaren."

Doe't Estha har echte heit yn Snits kaam, is se skriemend nei hûs draafd: "Mem, mem, der sit in frjemde man achter my oan." Estha moast mei nei Amsterdam, wylst se dat hielendal net woe. "Ik heb mem gevraagd of ik nog een poosje mocht blijven, maar mem zei nee. Ónze taak is afgelopen."

Doe't Estha jierren letter troude, wiene 'heit' en 'mem' út Fryslân tsjûge."Ik heb altijd contact gehouden. Een van mijn pleegzusjes heeft haar dochter naar mij vernoemd, die ik ten doop heb gehouden."

Foto: Leeuwarder Courant

Op 5 april 1942 wiene Dries en Celina Gobes fiif jier troud en al ûnderdûkt yn harren wenplak Amsterdam, by goede freonen. Sy soene goed trije jier yn in keammerke fan 1,5 by 2 meter tahâlde. Harren 3-jierrige famke Estha hiene se by de âlden fan Dries ûnderbrocht. Se tochten dat se dêr feilich wêze soe.

Maurits, de broer fan Dries, en syn frou Betty holden Estha yn 'e gaten. Omke Maurits regele in spesjaal kado. Hy liet in plaatopname meitsje fan de lytse Estha. Sy sjongt dêrop alle berneferskes dy't sy ken, holpen troch Maurits en Betty.

Estha oerlibbe de oarloch, lykas har âlden. Pake, beppe, Maurits en Betty binne op 2 july yn Sobibor deamakke. Fan de 177 famyljeleden blykten njoggen de oarloch oerlibbe te hawwen. De glêzen plaat is bewarre bleaun en leit by Estha thús yn Californië.

Estha sjongt

It telefoanpetear dat Simone Scheffer hie mei Estha Gobes

"Bram waard Jan"

Bram Houtkruijer, 1939 yn Amsterdam

Alexander Houtkruijer en syn frou Mariana Levi wurkje beiden yn it Joadsk Sikehûs yn Amsterdam. Dêr learden sy Cornelia Stolk kennen, dy't wykferpleechster yn Oentsjerk wie. Fanwege de oarloch beslute Alexander en Mariana harren soan Bram nei Fryslân te stjoeren. Dêr sil in suster fan Cornelia de 4-jierrige Bram ophelje.

Bram: "Ik vond het spannend in de trein. Hij zat helemaal vol Duitse soldaten. Er zat er ook een tegenover mij. Die probeerde met me te praten, maar ik hield mijn mond stijf dicht." Bram gie earst nei Dokkum foar't er by syn pleechâlden yn Gytsjerk terjochte koe. "Ik ben heel verdrietig geweest in Dokkum. Ik weet nog dat ik vreselijk heb gehuild, toen ik merkte dat mijn ouders daar niet waren. Bovendien kreeg ik ineens een andere naam. Het werd Jan."

Dochs hat hy wille hân yn Fryslân. "Ik heb een geweldige jeugd gehad. Had allemaal vriendjes en speelde gewoon op straat. Heit en mem, want zo noemde ik ze, hadden twee dochters en een zoon. Mijn pleegmoeder heeft nooit iemand verteld dat ik joods was."

Bram wie de iennige fan de famylje Houtkruijer dy't de oarloch oerlibbe. "Mijn ouders zijn in Auschwitz en Sobibor beland. Later kwam de Stichting Oorlogspleegkinderen, de OPK, die wilde dat ik in joodse kringen zou opgroeien. Maar heit en mem wilden mij adopteren." Op syn diploma fan de HBS yn Ljouwert stiet Bram, mar foar de learlingen om him hinne bleau hy Jan.

Bram, of Jan, gie letter oan it wurk by de bank en hy wennet no yn Veendam. Hy siket syn eigen oarlochsferhaal út foar syn bern. "Veendam is prima, mar Fryslân is myn heitelân," fynt Houtkruijer.

Gerard van der Veer, Marja Boonstra, Wybe Fraanje, Martijn van Dijk en Karen Bies. - Foto: Omrop Fryslân

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

(advertinsje)
(advertinsje)