UNIS Flyers stelt nei einsprint tsjin Zoetermeer Panters winst feilich

30 nov 2019 - 22:42

UNIS Flyers hat sneontejûn ek Zoetermeer Panters ferslein. Yn Zoetermeer waard it 6-2 foar de Feanster iishockeyers, dy't noch altyd ûnferslein koprinner binne yn de BeNe-League.

Foto: UNIS Flyers

Zoetermeer kaam wol as earste op foarsprong. Joy Turpijn gie der rap fan troch en skeat de puck by keeper Oosterwijk del. UNIS Flyers kaam yn de earste perioade noch lyk, Brent Janssen skeat op 'e peal, wêrnei't Trevor Petersen de bal ienfâldich binnen tikje koe.

Yn de twadde perioade sette Lars den Edel de Flyers op foarsprong. Hy koe fan tichteby de puck efter de keeper pleatse. Ek Adam Bezak skoarde noch, yn de tredde perioade. Hy kaam oer rjochts op, hie in ien-twake mei Nordemann en skeat hurd binnen.

Einsprint Flyers

Van Leeuwen skoarde dêrnei foar de Panters, mar Trevor Petersen soarge mei in rappe útbraak en in hurd skot ek wer foar de 4-2. Nei in 'tiki-taka-oanfal' lei Kiilholma de 5-2 deryn. Petersen skoarde nei út in counter ek noch de 6-2.

UNIS Flyers hat no sân wedstriden spile en helle dêryn de maksimale 21 punten. Nûmer twa is Hijs út Den Haag mei tolve punten.

(advertinsje)
(advertinsje)