Unrêst troch feestgongers: bushokje opblaasd yn Ljouwert
By rebûlje freed yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert hat de plysje ien fertochte oanholden. Nei tsien oere freedtejûn makke de plysje in ein oan in feest yn in hûs yn de wyk.
Der wie sprake fan lûdsoerlêst en der waard yllegaal fjoerwurk ôfstutsen. De feestgongers, in groep fan 20 oant 25 man, luts de wyk yn en oaren sleaten har oan. De sfear wie grimmitich.
Bushokje opblaasd
Mei yllegaal fjoerwurk waard in bushokje opblaasd. Der waard ek swier fjoerwurk nei de plysjes smiten. De plysje hat ien fertochte meinommen en dêrnei waard it rêstiger. Der wurdt in ûndersyk ynsteld.