VC Snits kin net stunte tsjin koprinner Eurosped

30 nov 2019 - 21:51

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn ferlern fan koprinner Eurosped. Nei twa mindere sets (16-25 en 14-25 ferlies) kamen de Snitsers werom yn de wedstriid, mar in nederlaach wie net foar te kommen: 1-3.

Foto: Martin de Jong

Eurosped wûn de earste set mei 25-16 en kaam yn de twadde set ek al gau op in grutte foarsprong. Dy set einige yn 25-14.

Spannender

Yn de tredde set waard it folle spannender. VC Snits bleau lang lykop gean mei Eurosped. Eltse kear as de Snitsers op foarsprong kamen, koene de besikers lykwols ek fuort wer lykmeitsje. Uteinlik slagge it Snits wol en pakte de ploech de set 25-23.

Yn dy fjirde set pakte Eurosped al gau in lytse foarsprong. It slagge Snits net om wer werom te kommen. De lêste set waard mei 25-17 ferlern en de wedstriid einige yn mineur foar de Snitsers.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Eurosped
(advertinsje)
(advertinsje)