LDODK ferslacht DOS'46 yn Noardlike kuorbalderby

LDODK hat sneontejûn de Noardlike kuorbalderby tsjin DOS'46 út it Drintske Nijeveen wûn. De kuorballers út Terwispel en De Gordyk wiene mei 24-20 te sterk en bliuwe koprinner fan de Kuorbal League.
Marloes Frieswyk
DOS'46 kaam earst in oantal kear op foarsprong. Nei tolve minuten pakte LDODK in 5-4 foarsprong, dy't yn de rest fan de earste helte fierder útboud waard ta 11-8.
Nei it skoft holden de teams it spannend. LDODK koe nea in grutte foarsprong hâlde, dus DOS'46 bleau yn de wedstriid. It slagge de besikers sels om op foarsprong te kommen. Geertsje Hoekstra makke 15-16, mar it antwurd folge flot fan Marjolijn Kroon. Fia 22-19 troch de fiifde goal fan Marloes Frieswyk koe LDODK úteinlik útrinne nei 24-20.
© LDODK

Topskoarders

By LDODK wienen Marjolijn Kroon, Erwin Zwart en Marloes Frieswyk goed foar elk fiif goals. André Zwart makke trije.
By DOS'46 waard Geertsje Hoekstra topskutter mei 5 doelpunten.

Koprinner

LDODK bliuwt troch de winst koprinner yn de Kuorbal League mei acht punten út fjouwer wedstriden. Nûmers twa PKC en TOP(S) ha in puntsje minder.
André Zwart oer LDODK - DOS'46
Sjoch hjirûnder nei in gearfetting fan RTV Drenthe:
LDODK-DOS'46 samenvatting RTV Drenthe