VV Bûtenpost lit kâns op punten lizze tsjin Berkum

30 nov 2019 - 21:01

VV Bûtenpost is der ek yn de thúswedstriid tsjin Berkum net yn slagge punten te pakken. De ploech fan coach Jasper Bouma ferlear mei 1-0. Dat wylst Bûtenpost beslist net minder spile as de tsjinstanner.

Yn de earste helte barde der net in soad. Bûtenpost wie krekt wat better, mar slagge der net yn grutte kânsen te kreëarjen. Nei it skoft wie it spulbyld likernôch itselde. Berkum waard lykwols wol wat driigjender. Michel van Aggele skoarde ek, mar syn goal waard ôfkard fanwege bûtenspul.

In kertier foar tiid rûn it dochs noch mis foar Bûtenpost. Chris van der Meulen skeat de bal prachtich de krusing yn: 0-1. Yn de slotfaze wie Bûtenpost noch hiel tichteby de lykmakker, mar Rob Dijkstra skeat krekt oer en Rudmer Loonstra kopte op de peal.

Moed yn de skuon

Trainer Jasper Bouma fûn dat Bûtenpost in goede wedstriid spile: "Yn it skoft sieten wy mei in goed gefoel yn de klaaikeamer. Wy hienen it gefoel dat der wol mear yn siet. Dan is it teloarstellend dat Berkum der ien kear útkomt en de earste kâns gelyk ôfmakket. Dan sakket de moed je yn de skuon."

Ek spits Rudmer Loonstra wie posityf oer it spul fan de 'Blaukes': "Ik fûn dat we in goede wedstriid spilen. We hienen echt wol mear fertsjinne." Loonstra seach yn de lêste minuten syn kopbal noch hast binnenfleanen, mar de peal stie in doelpunt yn de wei: "Dan sakkest troch de grûn."

Earste klasse?

Der wurdt wolris sein dat it foar Bûtenpost better wêze soe as se wer yn de earste klasse spylje. Bouma wol him dêr lykwols net by dellizze: "Liifsbehâld wurdt hieltyd lestiger, mar we bliuwe striidber. Wy bliuwe ús fêsthâlden oan it doel dat we ús besykje te hanthavenjen." Dêr slút Loonstra him by oan: "Wy bliuwe fjochtsjen."

Bûtenpost hat no út tolve wedstriden fiif punten helle. Dêrmei stiet de ploech lêste yn de haadklasse B.

(advertinsje)
(advertinsje)