HEA! De jonge boer fan Broeksterwâld
Buorkjen is it moaiste dat der is fynt Durk Sietze Rozema fan Broeksterwâld. Doe't syn heit ferline jier hommels ferstoar, moast de jonge boer it melkfeebedriuw oernimme. En nettsjinsteande syn beheining is Durk Sietze op en top boer en is melken en feefersoargjen syn moaiste wurk.