Krekt gjin goud foar Schulting yn wrâldbekerwedstriid Japan

30 nov 2019 - 18:01

Shorttrackster Suzanne Schulting is by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Nagoya as twadde einige op de 1000 meter. De olympysk kampioene op dizze ôfstân moast de Koreaanske Noh Ah-Rum foar gean litte.

Foto: Orange Pictures

Schulting lei yn de finale lang oan kop, mar se waard yn de lêste ronde ynhelle troch de Koreaanse. Rianne de Vries fan It Hearrenfean kaam net fierder as de heale finale. Yn de B-finale waard se fjirde. Op de 1500 meter kamen de Nederlânske rydsters net yn it spul foar.

Dat wie oars yn de mingde ôflossingswedstriid. Schulting, Lara van Ruijven, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat hellen dêr it tredde plak, om't Sina diskwalifisearre waard. It wie de earste medalje foar Nederlân dit seizoen op dit ûnderdiel.

Manlju net nei ôflossingsfinale

Op de 5000 meter ôflossing pleatsten Breeuwsma, Dylan Hoogerwerf, De Laat en Melle van 't Wout harren net foar de finale. It Nederlânske team einige as tredde yn de heale finale.

(advertinsje)
(advertinsje)