Harkemase Boys wint yn lêste minuten, kontrakt fan trainer De Jong net ferlinge

30 nov 2019 - 17:35

Harkemase Boys hat sneontemiddei yn de ekstra tiid fan SteDoCo wûn. Troch in eigen doelpunt waard it 1-2 yn it foardiel fan de Harkiten. Nei de wedstriid waard bekend makke dat it kontrakt mei trainer Hans de Jong net ferlinge wurdt.

Hans de Jong fiert de 1-2 - Foto: Orange Pictures

De Harkiten begûnen goed oan de wedstriid, want sy kamen al nei trije minuten foar. Berwout Beimers kaam troch en skode de bal efter de keeper. Harkemase Boys krige noch kânskes op de 0-2 en fiif minuten foar it skoft krige SteDoCo in grutte kâns op de lykmakker, mar dy bal gong krekt foardel.

Beide teams krigen nei it skoft ek wol wat kânsen, mar echt spannend waard it yn de lêste minuten pas wer. In pear minuten foar tiid makke SteDoCo nammentlik lyk. Harkemase Boys wie lykwols skerp. Trije minuten letter kamen de Friezen alwer op foarsprong troch in eigen doelpunt.

Nei de wedstriid waard bekend makke dat trainer Hans de Jong nei dit seizoen ôfskied nimt fan de klup. De Jong is dwaande oan syn earste seizoen by de klup en stiet nei trettjin wedstriden kreas tredde, mar dochs hat de klup besletten syn kontrakt net te ferlingjen.

Harkemase Boys moast ferline seizoen op it lêste momint om in nije trainer sykje, nei't Tieme Klompe ûnferwachts ophold. De klup kaam út by de no 57-jierrige De Jong fan De Knipe. Syn tsjinstferbân bliuwt dus by ien seizoen.

Tredde plak

De Harkiten stean nei trettjin wedstriden op it tredde plak yn de tredde difyzje. De efterstân op koprinner Sparta Nijkerk is tsien punten.

(advertinsje)
(advertinsje)