ONS Snits pakt earste oerwinning fan it seizoen

ONS Snits hat sneon foar it earst dit seizoen in wedstriid wûn. Op eigen fjild waard BVV Barendrecht mei 3-2 ferslein, al waard it yn de slotfaze fan de wedstriid noch goed spannend.
© Orange Pictures
De Snitsers hiene in drege start fan de wedstriid. It wie foaral Barendrecht dat yn de oanfal wie en kânsen krige, mar de ploech koe net skoare. Dat slagge Ruendel Martina fan ONS wol, doe't hy fiif minuten foar tiid de rebound fan in skot fan Prijor yntikke.
Trije minuten letter wie it al wer raak. Barendrecht-keeper Van der Ploeg kearde in frije traap, mar hie de bal net klem. Dêrtroch koe Oege Sietse van Lingen de foarsprong ferdûbelje.

Grutte kânsen

Nei it skoft gie ONS gewoan troch mei skoaren. Binnen trije minuten skeat Martina syn twadde fan de middei der yn. Dat like net genôch foar de Snitsers, want sy besochten ek in fjirde goal te meitsjen. In healoere foar tiid kamen sy ek hiel tichteby, doe't in skot fan Van Dijk rêden waard en in minút letter in bal fan de line helle waard troch in ferdigener.

Spannend ein

De slotfaze fan de wedstriid waard noch spannend. Goed tweintich minuten foar tiid kaam Barendrecht wer yn de wedstriid troch in doelpunt fan Peter de Lange, en efkes letter skeat Vorhorne de 3-2 binnen.
Barendrecht gie op syk nei de lykmakker en kaam tichteby: doelman Justin van der Dam moast ONS lêste minuten noch trije kear rêde. Mar ONS luts de oerwinning oer de streek.
Hoewol't de Snitsers foar it earst wûnen dit seizoen, is ONS noch altyd hikkesluter fan de tredde difyzje mei seis punten út trettjin wedstriden.
Trainer Paul Raveneau