Teloarstellende haadrace foar Nyck de Vries yn lêste Formule 2-wykein

30 nov 2019 - 17:10

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is sneontemiddei yn syn lêste Formule 2-wykein as trettjinde einige yn de haadrace. De Vries hie him freed as sechde kwalifisearre op it Yas Marina sirkwy yn de Feriene Arabyske Emiraten. Nei de start foel hy lykwols hurd werom yn it fjild.

Foto: Orange Pictures

It slagge de Fries net om him fierder nei foaren ta te riden. De oerwinning gie nei Sergio Sette Camaro út Brazilië.

Lêste Formule 2-wykein

Foar Nyck de Vries is it syn lêste wykein dat hy yn de Formule 2 rydt. Ferline wike makke hy al syn debút foar it team fan Mercedes yn de Formule E, de elektryske racefariant. Snein rydt hy allinne noch de sprintrace yn de Formule 2 yn de Feriene Arabyske Emiraten.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)