Follybalferiening Sint-Nyk yn 'e knipe troch brân yn sporthal

30 nov 2019 - 16:43

De wedstriden fan teams fan follybalferiening SNVV fan Sint-Nyk dy't sneon thús spylje moasten, binne allegear ôfsein. Allinne it earste frouljusteam koe útwike nei in oare sporthal. Sy spylje sneontemiddei op De Lemmer.

Freed ûntstie der brân yn de sporthal fan Sint-Nyk. Dy ûntstie nei alle gedachten troch wurksumheden oan it dak. Troch it rappe yngripen fan de brânwacht foel de skea ta, mar der kin sneon gjin gebrûk makke wurde fan de sporthal.

Tastân flier ûndúdlik

Ek is it noch ûndúdlik hoe't de houten flier der oan ta is. As dy ferfongen wurde moat, kin it wol in pear moannen duorje foardat der wer sporten wurde kin yn de hal.

Foar SNVV smyt it in soad problemen op. De feriening makket fjouwer jûnen yn 'e wike gebrûk fan de hal foar de trainingen. Op sneon wurde de kompetysjewedstriden dêr holden.

Foarsitter Frits Sybesma fan de follybalklup

Foto: Douwe Bijlsma
Trefwurden: 
follybal Sint-Nyk sporthal SNVV
(advertinsje)
(advertinsje)