Takomstdei: hoe sjocht it fierljeppen der yn 2025 út?

It Frysk Ljeppers Boun praat sneon de hiele dei oer de takomst fan de fierljepsport. Ljeppers, bestjoersleden, trainers en oare frijwilligers binne byinoar yn it doarpshûs fan Tsjom om te bepraten hoe't de sport ree makke wurde kin foar de takomst.
Takomstdei: hoe sjocht it fierljeppen der yn 2025 út?
"Wy binne fan plan in nij beliedsplan te meitsjen", fertelt Teije Dijk, foarsitter fan it bûn. "Wy moatte ús rjochtsje op 2025: hoe sjocht it fierljeppen der dan út, wat moatte wy allegear dwaan om de sport sûn te hâlden en der ek yn 2025 hiel fris foar te stean?"

Takomstdei

Faak wurde soksoarte beslissingen naam troch kommisjes, mar it Frysk Ljeppers Boun woe it oars oanpakke. "Wy ha sein: wy wolle it fan ûnder ôf dwaan. Dêrom hawwe wy in takomstdei, dêr't allegear minsken út de fierljepwrâld byinoar kaam binne om mei-inoar oer in tal tema's te praten", sei Dijk.
"Der binne bedrigings mar ek kânsen, dy wolle wy ferkenne om de takomst goed yn te gean."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Ferslachjouwer Gerrit de Boer by de Takomstdei
Der binne genôch útdagings foar it bûn. "Hoe kinne wy it fierljeppen attraktyf hâlde? It is in machtige sjochsport, mar dat moatte wy ek sa hâlde. It moat ynteressant bliuwe foar it publyk. En oer de feiligens: der wurdt hieltyd heger en fierder sprongen, dus nimt it risiko op blessueren ta. Dan moatte je tinke oer oare manieren fan delkommen, yn stee fan de sânbêden."
Om al dy plannen útfiere te kinnen, binne ek nije frijwilligers nedich. Dijk: "It binne ideeën, mar it moat wol dien wurde. Fandêr dat ien fan de útstellen is dat eltse fierljepper en syn famylje of kunde ree wêze moat om ien taak op te pakken."