'Stookalert' foar Fryslân ôfjûn: reek bliuwt hingjen

30 nov 2019 - 15:02

It Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (RIVM) hat in saneamd 'stookalert' ôfjûn foar it noarden fan ús lân. It sûnensynstitút riedt minsken yn ús provinsje ôf om hout te stoken. Sa kinne sûnensklachten foarkommen wurde.

Foto: Simone Scheffer Omrop Fryslân

Neffens de ferwachtingen fan it KNMI binne de waarsomstandichheden net geunstich en dêrtroch bliuwt de reek hingjen. It is de twadde kear dat yn Nederlân in 'stookalert' ôfjûn wurdt.

Yn de reek dy't frijkomt by it ferbrânen fan hout sit fynstof, koalwetterstoffen, benzeen en koalmonokside. Minsken mei problemen mei de luchtwegen, hert- en iersykten, âlderen en bern kinne klachten krije.

Trefwurden: 
RIVM hout Stookalert
(advertinsje)
(advertinsje)