Aldizerman is bliid dat er fan radio-aktyf ôffal ôf is

30 nov 2019 - 12:36

Yn Warkum leit al oardel jier radio-aktyf ôffal op it hiem fan âldizerhanneler Hans Nijboer. Begjin takom wike wurdt it ôffal ôffierd nei Rotterdam. Dat mei it bedriuw sels dwaan. Nijboer seit dat er net wist dat it om radio-aktyf ôffal giet. Der rint noch wol in strafrjochtlik ûndersyk nei him.

It radio-aktyf ôffal kaam tefoarskyn yn in skip dat Hans Nijboer kocht hie yn België. It guod siet yn de ballêst fan it skip. Sa lei de boat wat djipper. It giet om sawat 25 ton. Ek de foarige eigener fan it skip soe net op de hichte wêze fan it ôffal.

Neffens Nijboer hat der nea in gefaar west foar de omjouwing. De strieling soe minder wêze as dy fan it meitsjen fan foto's by de toskedokter.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn totaal hat Hans Nijboer ferline jier fiif dagen fêstsitten om dizze saak. Fiif plysjeminsken hawwe him oppakt en Nijboer mocht yn dy dagen ek hielendal gjin kontakt hawwe mei de bûtenwrâld. It hawwe, seit er, de minste dagen fan syn libben west. Hy is dan no ek bliid dat er no aanst fan it guod ôf is.

Neffens syn advokaat Bart Canoy rint der noch in strafrjochterlik ûndersyk. It is noch net dúdlik wannear't en oft Hans Nijboer foar de rjochter ferskine moat.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Warkum radio-aktyf ôffal
(advertinsje)
(advertinsje)