Katalaanske presidint yn ballingskip Puigdemont komt nei Fryslân

De Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont komt nei Fryslân. Hy is op 5 febrewaris te gast yn it diskusjeprogramma IepenUP Live fan Omrop Fryslân. Dêr sil er prate oer de Katalaanske krisis en hoe't de striid fan syn folk foar autonomy in foarbyld foar it Fryske folk wêze kin.
F.l.n.r. Pere Vives Batista, Sybren Posthumus, Carles Puigdemont, Eve Daussà, Henk te Biesebeek © Eigen foto
Henk te Biesebeek oer Puigdemont
FNP-Steatelid Sybren Posthumus, Eva Daussà en Omropmeiwurker Henk te Biesebeek hawwe de kontakten lein. Puigdemont wennet yn ballingskip yn it Belgyske Waterloo. It Spaanske regear hat in ynternasjonaal útleveringbefel tsjin him útroppen. Sy wolle him fanwege rebelly en misbrûk fan oerheidsjilden yn de finzenis sette, neidat er op 27 oktober 2017 nei in referindum de ûnôfhinklikens fan Kataloanië útroppen hie.
Puigdemont moat op 16 desimber foar de Belgyske rjochter ferskine. Dy moat dan útmeitsje oft it Europeeske útleveringsbefel rjochtfeardige is. As dat net sa is, wurdt er frijsprutsen. Dan wol er in reis meitsje troch Europa en rûnom lêzigen jaan. It earste plak dat er oandocht, sil Ljouwert, wêze, sa sei Puigdemont. De Katalaanske presidint yn ballingskip wurdt dei en nacht befeilige, oft er no thús of op 'en paad is. It Spaanske regear is noch altyd nei him op syk, sa tinkt hy.