Lêst fan diskriminaasje: "Wêrom wurde myn gefoelens net erkend?"

Doe't har dochter har frege oft se mei de bernsbern meigie om Sinteklaas yn te heljen, ferkrampte se. In pear dagen letter besleat se om har út te sprekken. Se betanke foar de útnûging. "Elk jaar bij de intocht word ik Zwarte Piet genoemd. Het kwetst mij. Ik besloot dit gevoel te delen op Facebook en daarna is de bal gaan rollen."
Sandra Rosa (l) en Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba © Geartsje de Vries
Sandra Rosa is hikke en tein yn Suriname en wennet no al 45 jier op De Lemmer.
De reaksjes op dy Facebookpost diene har sear. "Ik heb alleen vrienden op Facebook. Mensen die ik ken. En ik hoopte op begrip. Niets was minder waar. Ik mag blijkbaar niet voelen wat ik voel." Oandien docht Sandra har ferhaal op it kantoar fan direkteur Mirka Antolovic fan antydiskriminaasjeburo Tûmba.
Sandra wie ien fan de tritich minsken dy't ferline wike oanjefte dien hawwe fan diskriminaasje nei de rasistyske sprekkoaren by de wedstriid fan FC Den Bosch tsjin Excelsior. Boppedat skreau se in brief oan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. Dy pakte it hiel serieus op en kaam dermei nei bûten.

Sollisitaasje

Yn de 45 jier dat Sandra yn Fryslân wennet, hat se wol gauris te krijen mei rasisme. Dan giet it oer in sollisitaasje, begelyks. "Ik weet dat ik geschikt ben, misschien zelfs wel overgekwalificeerd ben. En dan krijg je een afschrijving met de mededeling dat je niet de juiste papieren hebt." Doe't Rosa in pjutteboartersplak hie, kaam it foar dat minsken tillefoanysk ôfpraat hiene om harren bern te bringen en dat se mei it bern oan de hân wer fuort giene as se seagen dat Sandra Rosa in donkere hûdskleur hat. "Dat doet pijn, heel erg pijn. En ik wil niet die hele emmer shit op tafel gooien, want ik weet niet wat ik dan over me heen krijg".

Brief

De brief dy't Rosa oan Fred Veenstra skreau, hat se letter nei alle boargemasters yn Fryslân stjoerd. "Niemand heeft gereageerd. Als je me dat van tevoren had verteld, zou ik je niet geloofd hebben. Maar het is echt zo."
Sandra Rosa hat it net maklik. Se sliept min en pant bot mei de saak om. As har frege wurdt oft se ek spyt hat fan har iepenheid, knikt se. Oan de iene kant wol, want se hat der noch net earder safolle lêst fan hân as dit jier. Oan de oare kant is se bliid dat se har útsprutsen hat en fielt it as in ferromming. "Ik wil graag het gesprek aangaan en ik hoef niet zo nodig de barricaden op. Ik hoop alleen dat mensen bereid zijn om echt het gesprek aan te gaan en mij te erkennen in mijn gevoel".
Sandra Rosa oer Swarte Pyt en rasisme
Yn Buro de Vries fan snein 1 desimber in petear mei Sandra Rosa en Mirka Antolovic, direkteur fan antydiskriminaasjeburo Tûmba.