Emosjonele trainer Jansen nei besite sike Chris de Wagt: "Deze is voor Chris"

30 nov 2019 - 11:42

"Deze is voor Chris." Dat sei in emosjonele trainer Johnny Jansen nei de wedstriid fan syn klup SC Hearrenfean tsjin Vitesse fan freedtejûn. De wedstriid begûn mei stipe foar Chris de Wagt. Foarôfgeand kamen de spilers yn spesjale shirts it fjild op mei de namme Chris derop. De 34-jierrige coach fan de jongerein by de fuotbalklup is al in skoft slim siik.

Op dizze wize litte de klup en spilers sjen dat se oan Chris de Wagt en syn famylje tinke en dat se him krêft tawinskje yn dizze swiere perioade. "Je voelt de emoties door het stadion heen bruisen", sei in oandiene trainer Jansen. Op de bank hawwe se de emoasjes ek hiel goed fernaam, sa fertelt Janssen.

Nei de wedstriid hat Chris de Wagt noch yn de klaaikeamer west. Jansen: "Chris komt binnen en iedereen gaat staan. Hij krijgt applaus en we gaan met elkaar op de foto. Deze overwinning is absoluut voor Chris en zijn familie."

SC Hearrenfean stiet no op it fjirde plak nei de winst fan freed. Hicham Faik is ferromme, benammen omdat syn klup min spile yn de earste helte. Op in stuit wiene sy it kwyt, seit er. Vitesse makke dêr gebrûk fan en makke rap twa goals achterinoar. Sa kaam SC Hearrenfean twa goals achter te stean. "Gelukkig maakten we dan nog voor rust de 2-1. Uiteindelijk zijn we goed uit de rust gekomen en hebben we toch nog kunnen winnen."

Dat Chris de Wagt derby wie, grypte Faik ek oan. "We leven heel erg met hem en zijn familie mee. Er is meer dan voetbal."

It moaiste momint fan de wedstriid wie doe't Mitchell van Bergen de 2-2 makke en nei de trainer ta rûn. "Ik wilde naar Chris toelopen. Ik vroeg de trainer waar Chris was. Jammer dat ik Chris niet kon vinden. Toen hij na afloop in de kleedkamer was, kwamen er heel veel emoties los. Chris is een heel positieve man, die positieve energie geeft. Ik heb dat heel erg nodig. Het slechte nieuws doet heel veel voor mij. Dan is dit maar voetbal, het leven gaat voor."

(advertinsje)
(advertinsje)