Plannen foar nije boargemasterswenning op It Amelân

30 nov 2019 - 09:38

Amelân krijt mooglik in nije boargemasterswenning. Ut berekkeningen fan boargemaster en wethâlders docht bliken dat nijbou mar amper djoerder is as renovaasje fan de besteande wenning.

Huzen op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Earder hat de gemeenterie bepaald dat it eilân in wenning foar in boargemaster beskikber hawwe moat. Om de hjoeddeiske wenning by de tiid te bringen is in bedrach fan sân ton nedich. Dat jild moat ûnder oare brûkt wurde om it hús enerzjyneutraal te meitsjen.

Omdat it bouwen fan in nij hûs mar amper mear kostet as de renovaasje, stelle boargemaster en wethâlders de gemeenterie foar om nij te bouwen. Dy rie nimt dêr noch in beslút oer.

De nijbou soe dien wurde moatte op itselde plak as dêr't de Amelanner boargemasterswenning no ek stiet.

(advertinsje)
(advertinsje)