HEA! Fjirtich jier by de iisklup fan Nijhoarne

30 nov 2019 - 09:31

Tjalling de Vries fan Nijhoarne hâldt nei 40 jier op as bestjoerslid fan iisklup 'Ien, twa, trije. De lêste 30 jier wie er foarsitter fan de klup. Hjoed set hy foar de lêste kear de iisbaan ûnder wetter. De Vries fynt it alle kearen wer in spesjaal moment en alle jierren wer tinkt er: "Soene we nochris in knappe winter krije?"

Trefwurden: 
Hea! Nijhoarne iisklup
(advertinsje)
(advertinsje)