Kollum: "Lewis Hamilton, arbeidersjonge"

30 nov 2019 - 08:20

"Freegje my net wêrom, mar ik ha dizze wike nei in ôflevering fan de Graham Norton Show sjoen. Dat doch ik oars echt net, mar der wie wer ris neat op TV dat my boeide, dus dan slagge je oan it zappen. Sa foel ik middenyn it programma dêr't ik oars daliks ek by trochzapt hie, mar dizze kear bleau ik even hingjen. Ik seach in fjoerreade bank mei twa froulju yn galajurken en twa manlju."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Kollum Ferdinand de Jong: Lewis Hamilton, arbeidersjonge

"De iene frou fertocht ik der daliks fan dat it Kylie Minogue wie en ferhip, it wie har ek noch. De oare dame koe ik net. De manlju, ien yn in swart shirt mei in spikerbroek en de oare, strak yn it pak, hippe coupe, wie Lewis Hamilton. Gewoanwei ha ik net folle belangstelling foar ditsoarte shows, mar ik wie eins wol benijd wat in multymiljonêr as seis kear Formule1-wrâldkampioen Lewis Hamilton yn sa'n programma te melden hie.

Hy moast him earst troch wat flauwe fragen hinne wrakselje. Wêrom't der bygelyks gjin airco yn syn Mercedes Formule1 siet. En wêrom't it stjoer yn dy auto hielendal net op in stjoer liket. Sa no en dan it ferplichte laitsjen fan it publyk der tuskentroch, jimme kinne it format wol. Op it momint dat ik it hast sjenant begûn te finen, krige Hamilton krekt wat mear sprektiid. Doe ûntstie der in petear dat wol de muoite wurdich wie. Hy fertelde hiel rêstich dat elke kilo oan lichemsgewicht in pear tellen ferlies oan snelheid betsjut, dat er oan it begjin fan it seizoen achte wurdt om in kilo of wat lichter te wêzen, omdat syn auto dan wat swierder wêze kin. Dat er te krijen hat mei hege G-krêften fan seis kear syn eigen gewicht dy't him eins út de auto drukke wolle. Relevante ynfo oer in absurde sport.

De oare dielnimmers oan it petear waarden figuranten. Foaral doe't Hamilton in boekje iependie oer hoe't er yn it djoerste stuoltsje fan Mercedes bedarre wie. Lewis Hamilton komt út in gewoane arbeidershúshâlding. Hy siet as jonge fan fiif foar it earst yn in go-kart. Syn heit hat him in slach oer de kop wurke om soan Lewis syn hobby te bekostigjen, mei as betingst dat hy op skoalle syn bêst dwaan moast. Soms koe er in wykein net meidwaan oan in wedstriid, omdat der gewoan gjin jild foar benzine wie. Syn heit hie fjouwer banen om genôch jild te garjen foar Lewis syn dream. It koste him 20.000 Ingelske pûnen. Soan Lewis Hamilton hat de Formule 1 helle en is no smoarryk. Mar dy fertelde hiel earlik dat syn heit de grutte held yn it ferhaal is, net hy. Dat rekke my, dy oprjochtheid.

Graham Norton stelde doe de fraach oft de omstannichheden foar bern út normale húshâldingen, dy't ek koereur wurde wolle, no better binne. Hamilton skodholle en sei dat it allinnich mar slimmer wurden is. Der is gjin reële kâns dat in 'normale' jonge no noch op it plak komme kin dêr't hy sit. Allinnich bern mei bakken fol jild meitsje in kâns op in stuoltsje. Hy heakke deroan ta dat er dêr yn de takomst wat oan dwaan wol, as er earne op in bestjoerlik stuoltsje fan de FIA bedarje soe dêr't belied makke wurdt. Ik hoopje dat it him slagget. Mar foar no is de Formule 1 dus in spultsje fan de superriken fan dizze wrâld. Net neier te neamen húskemelkers falle dêr ek ûnder.

Net it talint dat je ha bepaalt of je earne goed yn wurde, mar oft je dat talint betelje kinne. Dat is it format fan de Formule 1."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)