Noed by boargergroepen: reaksje Wiebes op mynbou-ûndersyk 'beskamsum'

Boargergroepen yn Fryslân, Drinte en Oerisel fine de reaksje fan minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat beskamsum. Hy reagearre earder dizze wike yn in brief oan de Twadde Keamer op it ûndersyk fan de noardlike regionale omroppen. Wiebes fynt it mynboubelied deugdlik. Pier Winsemius fan Finkegea fielt him net serieus nommen troch minister Wiebes: "En dat is noch netsjes sein."
Minister Wiebes © ANP
It ûndersyk fan de fjouwer regionale omroppen Omrop Fryslân, RTV Oost, RTV Noord en RTV Drenthe toant oan dat mynboubedriuwen net bot sjogge nei de regels en rjochtlinen by it winnen fan gas of it ynjektearjen fan ôffalwetter yn de djippe grûn.
Yn in lange Keamerbrief fan seis kantjes giet minister Wiebes wiidweidich yn op de befiningen fan de omroppen en op de regeljouwing foar mynbou en fergunningen. "Mijnbouw is mogelijk, zolang dit veilig en verantwoord kan."
Winsemius: Wiebes seit net wat er ferstiet ûnder 'feilich en ferantwurde'
Neffens ferskate boargergroepen is de reaksje fan de minister net dúdlik en beskamsum. Wiebes seit dat mynbou feilich kin, mar hy giet net yn op de oertrêdingen en de risiko's foar it gebiet. "Der is in tanimmend wantrouwen by omwenners fan gaslokaasjes en ynjeksjeputten," seit Piet Winsemius fan Finkegea. It ûndersyk fan de omroppen lit neffens him sjen wêr't de soargen sitte.
In foarbyld neffens Winsemius: "Yn maart 2018 rôp minister Wiebes dat lytse fjilden it tichtdraaien fan de gaskraan yn Grinslân net hoege te kompensearjen. In goed jier letter seit er: 'de lytse fjilden moatte it tichtgean fan de gaskraan yn Grinslân kompensearje om't wy noch net sûnder gas kinne.' Der is dus wantrouwen oer wat de minister ferstiet ûnder feilich en ferantwurde."

'Lytse fjilden'

Yn it grinsgebiet fan Noardwest-Oerisel, Súd-Fryslân en Súdwest-Drinte lizze njoggen 'lytsere' gasfjilden net fier útinoar. Mei-inoar foarmje sy ien grut gaswingebiet. Yn in part fan de fjilden wurdt gas wûn, mar de winmaatskippij hâldt him net altyd oan de regels.
Ofrûne simmer ûntkende de minister ek de gauwere gaswinning yn lytsere fjilden yn de regio. Yntusken docht it Iepenbier Ministearje strafrjochtlik ûndersyk nei gauwere gaswinning troch Vermilion. Boppedat hat it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) ein 2018 besletten dat Vermilion it wurk op ien fan de lokaasjes net op 'e nij begjinne mocht. Yn it gebiet is in kom ûntstien troch it delgean fan de boaiem. Dy is grutter as ferwachte en net opnommen yn it winningsplan.

Gjin 'Milieu Effect Rapportage'

Minister Wiebes seit yn syn Keamerbrief dat der ien gefal wie dêr't gjin Milieu Effect Rapportage (MER) makke wie, wylst dat wol moatten hie. Yn Wapse en yn Finkegea binne twa dúdlike foarbylden fan gaswinning dêr't gjin MER foar wie.
"In Vinkega heeft het ministerie van Economische Zaken het ontbreken van een MER zelf schriftelijk bevestigd. In Wapse doet het Openbaar Ministerie niet voor niets uitgebreid onderzoek. Onder meer door dat strafrechtelijk onderzoek moest alsnog noodgedwongen een MER worden opgesteld. Alleen, in die MER wordt weer niet de volledige productie beoordeeld, maar slechts een deel ervan", set Alie Eiting fan de feriening Milieudefensie yn Diever.
De noed fan Pier Winsemius slút by dy fan Eiting oan. "De delgong fan de boaiem yn Finkegea waard yn it earste winningsplan op 1 sintimeter skat. Trije moannen letter kaam yn it twadde winningsplan de delgong op 3 sintimeter en in pear jier letter yn wer in nij winningsplan op 4,2 sintimeter. 'Voortschrijdend inzicht' wurdt it neamd, mar op dizze wize kinst alles efterôf wol legalisearje."