Diel 1: "It weromkommen fan de Joadske bern"

30 nov 2019 - 07:30

De syktocht nei Joadske bern, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by Fryske pleechfamyljes ûnderbrocht binne, is yn folle gong. Der binne al mear as hûndert reaksjes binnenkaam. Sjoernalist Marja Boonstra portrettearre fjouwer fan dizze bern. Yn diel 1 de ferhalen fan Evelijn Roos en Hennie Zilverberg. Snein folget diel 2. De folsleine portretten binne dit wykein te lêzen yn de bylage Sneon&Snein fan de Ljouwerter Krante.

Evelijn - Foto: Leeuwarder Courant

"Als dat niet zo is dan blijf je bij ons"

Evelijn Weijl-Roos, 1934 yn Den Haag

Evelijn Roos wit net mear wa't de frou wie dy't har yn 1942 as famke fan acht ophelle by har âlden yn Den Haag. Se soe dêrnei fan it iene ûnderdûkadres nei it oare gean oant se yn Drachten by de famylje Mulder terjochte kaam.

Yn Drachten soe se ophelle wurde troch Tiny Mulder. Earst om nei in oar adres te gean, mar: "Toen Tiny mij zag, was het liefde op het eerste gezicht. Ze dacht: Dat meisje wil ik bij me houden." En sa gie it, Evelijn kaam yn de húshâlding fan Tiny har âlden. "Moleneind Noordzijde 126," wit se noch presys.

"Ik ben er 2,5 jaar gebleven tot de bevrijding. Tiny en ik waren als twee zusjes, ook al was ze dertien jaar ouder. Ik vond haar geweldig." Tiny die in soad wurk foar it ferset. Mem Mulder sei tsjin Evelijn: "Ik hoop van harte dat je ouders je komen halen. Maar als dat niet zo is, dan blijf je bij ons."

De âlden fan Evelijn oerlibben de oarloch, hast as iennige fan harren famylje. Evelijn fertelt: "Er werd thuis weinig over de oorlog gesproken, mijn ouders schoven het weg. Die waren niet alleen hun familie kwijt, maar ook hun vrienden. Ze hadden voor de oorlog een textielwinkel. Die hebben ze na de oorlog weer kunnen opbouwen. Mijn moeder wilde niks meer van God weten, maar na het overlijden van mijn vader is ze wel in een Joods bejaardenhuis gaan wonen. Ik heb nu alleen nog een nicht in Amsterdam die Auschwitz heeft overleefd. Verder is er niemand meer."

Hennie - Foto: Leeuwarder Courant

"Hennie hearde by ús"

Hinderika (Hennie) Hecht-Zilverberg, 1941 yn Amsterdam

"Se hie by ús bliuwe moatten. Dat hawwe wy altyd sein." Willem Rekker fan Kollumersweach is syn lytse pleechsuske nea ferjitten. Hennie Zilverberg fan Amsterdam kaam by de famylje Rekker as lytse poppe. Yn 1942 is se ophelle út de haadstêd. Har beppe Hinderika Zilverberg-Mozes wenne yn Drachten en hie noed oer de húshâlding fan har soan Jacob. Yn 1941 binne yn Amsterdam by de earste razzia mear as 400 Joadske mannen oppakt.

Hennie waard earst opfongen by de famylje fan Roelof Vermeulen, mar om't dy yn it ferset siet, wie dat te gefaarlik. Sa kaam lytse Hennie by Germ en Jinke Rekker yn 'e hûs. It pear hie al trije bern en stie yn in winkel yn Kollumersweach.

Willem: "Se hearde gewoan by ús. Wy hawwe der noait oer prakkesearre dat it in ûnderdûker wie. De buorlju wisten it wol, mar ik haw noait heard dat ien dêr fragen oer stelde. It wie sa'n leaf famke. We boarten mei-inoar en we hienen in protte wille. Hennie prate Frysk, rûn krekt as ús op klompkes. It wie in dogeneat, hear. Us heit hie in swak foar har."

Nei de oarloch hat Hennie har heit Jacob syn dochter ophelle. Mar it rûn net goed tusken Hennie en har heit, dus is se weromkaam by de Vermeulens yn Drachten. Letter ferhuze Hennie nei Laren en úteinlik kaam se yn Californië terjochte. Hennie hat in pear kear werom west yn Fryslân.

Hennie sels wie te jong har om de oarloch foar de geast te heljen. Mar neiteam fan de Vermeulens hat alles útsocht en hat Hennie fûn yn Californië. Sy hie eins better yn Kollumersweach bliuwe kinnen, sei Hennie letter sels.

Gerard van der Veer, Marja Boonstra, Wybe Fraanje, Martijn van Dijk en Karen Bies. - Foto: Omrop Fryslân

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

(advertinsje)
(advertinsje)