UNIS Flyers winne mei 3-1 fan Microz Eaters

29 nov 2019 - 22:43

Yn de sechde rûnte fan de BeNe League hawwe de UNIS Flyers wûn fan de Microz Eaters Limburg út Geleen. Troch perioadestannen fan 1-0, 1-0 en 1-1 waard it úteinlik 3-1 foar de Feansters. Aldo van Aalderen waard man fan de wedstriid mei twa goals.

Op Thialf kamen de Flyers nei sân minuten op in 1-0 foarsprong troch in raak skot fan Aldo van Aalderen, nei in pass fan Pippo Limnell. Dat wie ek de stân nei de earste perioade. Yn de twadde perioade ferdûbelen de Feansters harren foarsprong. Nei rom trije minuten wie it de Kanadees Trevor Petersen dy't foar de 2-0 soarge.

Unferslein yn BeNe League

Yn de tredde perioade wie it Van Aalderen dy't mei syn twadde fan de jûn de Flyers op in 3-0 foarsprong sette. Dat like ek de einstân te wurden, mar fjouwer sekonden foar it einsinjaal makke Vadim Geysbrechs de earetreffer foar Geleen. Dêrtroch gie de winst mei 3-1 nei de Feanster iishockeyers. Troch de winst bliuwe de Flyers ûnferslein yn de BeNe League en stiet de ploech fan coach Mike Nason mei 18 punten út seis wedstriden boppe-oan yn de kompetysje.

Martijn Oosterwijk is dit seizoen de keeper by de UNIS Flyers. De 29-jierrige Grinzer keepte earder fan 2011 oant en mei 2015 ek al yn Hearrenfean. Nei twa jier Tilburg Trappers en twa jier yn Sweden is Oosterwijk werom yn Fryslân. Ynset: prizen pakke.

UNIS Flyers tsjin Eaters Geleen - Foto: Martin de Jong

It duel tusken de UNIS Flyers en Microz Eaters Limburg is dizze wike de 'Wedstriid fan de Wike' en sneon werom te sjen by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Heale finale beker

De UNIS Flyers treffe de Geleen Eaters ek yn 'e heale finale fan de bekerkompetysje. Dy heale finale giet oer twa duels.

Op sneon 21 desimber spylje de Flyers yn Geleen om 20.30 oere. In dei letter falt dan de beslissing op It Hearrenfean.

Op snein 22 desimber begjint op Thialf om 19.00 oere it duel UNIS Flyers - Geleen Eaters. De winner pleatst him foar de finale yn jannewaris.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers Geleen
(advertinsje)
(advertinsje)