Provinsje hâldt fêst oan de Fryske oanpak stikstof

29 nov 2019 - 22:21

De provinsje hâldt fêst oan de Fryske oanpak by it tebekkringen fan de stikstofútsjit. Dat seit deputearre Johannes Kramer yn reaksje op it nijs dat it Ryk en de provinsjes freed op haadlinen in akkoart hawwe oer de stikstofoanpak.

Johannes Kramer - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje besiket mei de Fryske oanpak oan te sluten by it lanlik akkoart, mar wichtiger binne de útkomsten fan it petear fan de provinsje mei fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer en it bedriuwslibben. Dy petearen binne noch oan de gong.

It kabinet en it Interprovinciaal Overleg (IPO) wolle mei ienriedige regels komme foar de oanfregers fan in fergunning foar nije aktiviteiten. It doel is de natuer te helpen troch de delslach fan stikstof te ferminderjen en perspektyf te bieden oan ûndernimmers dy't harren bedriuw útwreidzje wolle. Biste- en fosfaatrjochten sille gjin diel mear útmeitsje fan de beliedsregels.

Deputearre Johannes Kramer oer stikstofbelied

(advertinsje)
(advertinsje)